De Nollen

Yn it âlde binnendúngebiet De Nollen by Den Helder leit it “lânskip fan de ferbylding”. In besteand keunstprojekt dat opnommen is yn it Sense of Place program. Ea begûn as in artistyk eksperimint yn dit âlde ferrinnewearre, net al te grutte gebiet, útgroeid ta it libbenswurk fan de keunstner R. W. de Wint ( 1942-2006). Fiifentweintich jier lang hat hy hjir wurke oan skilderingen, stielen skulptueren en monumintale bousels dy ‘t ferweven binne mei it dúnlânskip. Plak en byld yn ’e mande jouwe betsjutting oan it gehiel. It wurk is komplisearre én ienfâldich, it is grutte fitaliteit eigen en it hâldt de besiker, fisueel en fysyk, folslein yn de besnijing. Yn in wrâld dy ‘t hieltiten hurder feroaret, woe de keunstner in wrâld oproppe fan elemintêre bylden dy ‘t al iuwenlang deselde binne: It ljocht, de oergong fan ljocht nei donker, de ûnderfining fan kleur.

Dizze troch Van de Wint kreëarre tún is fergelykber mei de byldetún fan Henry Moore by Londen, Little Sparta yn Skotlân fan Ian Hamelton Finlay en de keunstsamling op Insel Hombroich by Neuss.

Oer R. W. van de Wint

Reindert Wepko (Ruud) van de Wint hat him yn 1980 weromlutsen yn it âlde binnendúngebiet De Nollen, nei ‘t er it eksposearen yn Europeeske musea wol genôch fûn. De Nollen waard syn libbenswurk. Van de Wint is ûnder mear bekend troch syn skilderingen yn de Twadde Keamer en syn plafondskilderingen yn it stedhûs fan Grins en it wurkpaleis fan kening Willem Alexander, Paleis Noordeinde. Dêrnjonken hat hy sa’n fiifentritich skulptueren realisearre dy ‘t ferspraat oer Nederlân stean. Yn 2002 waard der in útstalling fan syn wurk organisearre yn it Kröller-Müller Museum yn Otterloo: R. W. van de Wint. Clai-obscur . Zeven beelden. 

It gebiet is yn de winter ticht foar publyk. Sjoch foar mear ynformaasje en aktuele iepeningstiden op www.projectdenollen.nl

Locatie: Den Helder