Dyk fan in Wiif

It oer-Hollânske lânskip mei har nije strakke polders, molke-yndustry, jirpels en woartels ynspirearre Nynke Brokke om dêr eat mei te dwaan. De keunstneresse wol de “gleone” ritichheid fan de natuer wer weromjaan oan dit yndustrieel agrarysk lânskip. De foarmen fan rûne stuten yn in letterlik “dykliif” like har in moai kontrast mei de trochstrings rjochte, strakke diken, wylst de monokultuer fan de grutte trochploege fjilden freget om ekstra omtinken foar biodiversiteit foar fûgels en ynsekten. Sa sjocht Nynke in dyk fol fan passy foar har geasteseach, in dyk dy’t optilt fan krûden en gerzen. In Hof fan Eden foar ynsekten.

Dyk fan in Wiif                                                                                                                                                       Yn it grutte, wide Fryske polderlânskip, parallel oan de strakke Seedyk, riist in grut, lizzend neaken lichem op oerdutsen mei krûden en gerzen. It is echt grut; ûngefear 60 meter lang, mei in heup- en skouderhichte fan 8 oant 12 meter; as in gleon foarme dyk.                                      Har  “ fruchtbere” foarmen referearje oan it boulân, dat klear leit foar in rike rispinge. Assosjaasjes op grûn fan in mânske kont en folle boarsten mei molke en boerebûter binne legitym. As in beskermfrouwe leit sy dêr as “dyklichem” yn it lânskip. Sa as  de seekearing feiligens biedt, biedt sy bioferskaat yn it foar in grutste part troch monokultuer behearske lânskip. Dyk fan in Wiif wurdt ek in ûndersyksprojekt nei op hokker wize de diken yn Nederlân duorsumer en mei mear bioferskaat ynsiedde wurde kinne.

Dit ûndersyk barde yn gearwurking mei: Van Hall Larenstein, Radboud universiteit, gemente Waadhoeke, Provinsje Fryslân, Bouwbedrijf Dijkstra Draisma en Cyril Liebrand van EurECO Ecological Consulty.

Oer de foarm
Dyk fan in Wiif leit  útstrekt op har side. Sy is yn harsels keard. De foarmen komme as in natuerlike wulving omheech út de grûn en de hâlding is yn rêst, ûntspannen. Har antlit is keard nei de ierde. It is krekt as of sy omheech komt út har sliep.                                                                               De wikseljende lingte fan krûden en gerzen, op de hûd fan it byld, sil grif ynfloed ha op de foarm. It sil de kontoeren sêfter meitsje of krekt hurder en rûner. Werkennen fan it byld is tige wichtich. De dyk is fan eltsenien. Leechdrompelich , heech-dikich. De bioferskate begroeiïng is ek krekt dêrom maksimaal 70 sintimeter.

Oer de lokaasje
Dyk fan in Wiif wurdt realisearre yn ’e buert fan Easterbierrum. It strakke, rjochte karakter fan de polder en ek it dito karakter fan de artifisjele seewarring biedt de dyk it goede kontrast en is dêrom in perfekte lokaasje. De grutte skaal fan it lânskip lit it dyk-byld net botse mei har omjouwing; yn stee fan in reuzin te wêzen, krijt sy krekt yn dit lânskip wer in minskelike maat. Foar toeristen op de fyts dy ‘t de Fryske Noardkust besykje, biedt de lokaasje in rêstpunt om fan ôf de seedyk Dyk fan in Wiif te bewûnderjen.

Oer Nienke Brokke
It byldzjend wurk fan keunstner Nienke Brokke hat altiten in ferheljend elemint. De stúdzje teäter- foarming oan de Rietveldakademy hat dêroan bydroegen. Sa as it yn it teäter hiel faak in “Gesamtkunstwerk” is, wurket Nienke graach mei meardere keunstdissiplines dy’t yn ’e mande ien gehiel foarmje. Troch dy ferheljende kant ûntwerpt Nienke Brokke neist landart en teäter-dekors ek ûnderwiisprojekten. Dêryn kin sy goed ynhâld mei in keunstdissipline ferbine. It landart-projekt “Dyk fan in wiif” wie har ôfstudearprojekt op de Rietveld-akademy yn 1997. Wy wurkje der hurd oan om it projekt no yndie te realisearjen.

Foar mear ynformaasje: NienkeBrokke

Moonlike realisaasje: 2025

Lokaasje: Flakby Oosterbierum

 

Soundings

In grutskalich keunstprojekt dat mei help fan ynstallaasjes yn it Grinzer Waadlânskip, in ynstallaasje yn de stêd Grins yn gearwurking mei it Grinzer Museum en in partisipaasjeprogramma, de ferbining fersterket tusken de stêd en de Ommelannen en dy ‘t dij it lânskip op in bysûndere manier ûnderfine lit.                                                                                    

Soundings – listen to the land

It lân efter de Waadkust yn Grins is in gebiet dat ûntstien is troch it spul tusken minske en see. Yn it kweldergebiet spielt eltse dei nije klaai oan en waakst it lân oan. Tagelyks bemasteret de see kear op kear it yndykte lân wer. Op dizze wize ûnstie it typyske wier- en terpenlânskip. Dit is it gebiet dêr ‘t Nederlân makke is. In gebiet dat dij eat fertelle wol.

Om dizze unike skaaimerken en skientme fan dit waadlânskip oan it publyk te toanen hat Joop Mulder yn 2020 trije renommearre keunstners frege in keunstprojekt te ûntwikkeljen:  Robert Wilson, Theun Mosk en Andreas Hirsch.

Mei Soundings wolle wy dij meinimme op ûntdekkingsreis troch it Grinzer Waadlânskip. Troch hieltiten wer nije diken te bouwen hawwe boeren hjir generaasjes lang lân bemastere op de see. Yn de rin fan hûnderten jierren is sa in unyk en ûnbidich grut lânskip ûntstien mei in nijsgjirrige, sawat letterlike skientme. In tige grut en leech lânskip dêr’t men stil fan wurdt as men der midden yn stiet.

Soundings is in projekt dat de ferbining tusken Stêd en Ommelannen fersterket. It kombinearret in 75 km fytsrûte mei ynstallaasjes fan ynternasjonale renommearre en lokale (begjinnende) keunstners yn it lânskip en in ynstallaasje yn de A-tsjerke, yn gearwurking mei it Grinzer Museum. Eltse ynstallaasje fergruttet dyn waarnimming en fersterket de lûden út it gebiet troch de oare sensaasjes fuort te nimmen. It jout de kâns om stil te stean, nei te tinken, te dreamen en grutsk te wêzen op wat der is en dy in foarstelling te meitsjen fan wat de takomst bringe sil.

Realisaasje: mei- inoar stribje nei in iepening yn maaie 2025.                                                
Soundings wurdt yn ko-produksje ûntwikkele mei partner Ruimtetijd en mede mogelijk gemaakt door o.a. Stichting Beringer-Hazewinkel, Stichting De Versterking, het Waddenfonds en het Nationaal Programma Groningen. It projekt is yn gearwurking mei û.o. provincie Groningen, Groninger Landschap, landschapsbeheer Groningen, gemeente het Hogeland, Groninger Museum en Waterschap Noorderzijlvest.

De Kromme Herne

Ljocht, tij, wrydskens, rêst en net te leauwen fiersichten. By it ûntwerp fan de Kromme Herne komt alles by inoar. Betrêdzje dizze takomstige kromme pier by Wierum en men stiet midden tusken de slinken, kwelders en platen mei it ûneinich ljocht as maat.

Fan de seedyk ôf by Wierum rint straks in kromme 330 meter lange pier. Besikers kinne oer de pier, dy’t foar it grutste part lâns de âlde pier rint en dizze beskermet tsjin fierder ferfal , kuierje. Rinnend boppe it wetter en it slyk en lâns twa panoramyske útsjoch- en ferbliuwspunten ûnderfine hja de skientme fan dit unike lânskip.

Lânskipsobjekt de Kromme Herne wurdt foar en troch minsken en yn harmony mei de natuer makke. De twa “rotondes mei ôfslaggen” binne de plakken wêr it tij fongen wurdt. Hjir ûntstean saneamde spielgatten dy’t – troch de wurking fan it tij – yn de rin fan de jierren in oar lânskiplik uterlik krije. Der sille kwelders en slinken ûntstean. By de ien komme mokselbanken, by de oar fegetaasje en de pier hat as bykommend effekt dat de besteande kwelders oangroeie sille.

Rêd de kwelder
De kwelder by Wierum is in unyk stikje lânskip. Doarpsbewenners, fûgelspotters, kuierders en waadrinners genietsje hjir folop fan rêst, belibbing, en de wrydskens fan de skitterende  Waadnatuer. Dizze unike ûnderfining stiet lykwols behoarlik ûnder druk.Bewenners fan Wierum en omkriten en boppedat kuier-,fyts-,natuer- en fûgelleafhawwers út hiel Nederlân meitsje harren dêr soargen oer. Troch op dit stuit yn te gripen, kin de kwelder behâlden bliuwe foar de hjoeddeistige en takomstige generaasjes. Stypje de petysje op: www.reddekwelder.nl.

Wierum

Om de libbenens fan it doarp te fersterkjen naam yn 2016 in tal ynwenners fan Wierum it inisjatyf om de mooglikheden foar nije rekreative foarsjenningen te ferkennen. Der binne tal fan ideeën lansearre, der is harsenskrabbe, ferkend en sketst. Helder waard dat der in romtlik elemint komme moast dat de kwaliteiten fan Wierum sichtber makke: de kwelder, it Waad, de seedyk sûnder ein, de rêst, it tij, de kleuren, it ljocht, de unike skiednis en de ferbining mei faar- en kuierrûtes yn de regio. Der waard kontakt lein mei Ruud Reutelingsperger fan it keustnerskollektyf Observatorium, mei as resultaat in prachtich ûntwerp foar de Kromme Herne.

Mooglike realisaasje: yn ûndersyk
Lokaasje: Wierum