Bosk

Mear as tûzen beammen lûke troch de strjitten fan Ljouwert  

100 dagen lang sjocht it hert fan Ljouwert grien. Fan ôf 7 maaie oant en mei 14 augustus 2022 “rinne” der nammentlik mear as 1000 grutte en lytse beammen troch de binnen- stêd.  It “kuierjende”  bosk jout de beammen  – en dêrmei de natuer- in stim: hoe sjocht it bosk nei de minskewrâld? De traach beweegjende keunstynstallaasje fan Bosk easket de oandacht foar de needsaak om op in oare wize nei de relaasje tusken minske en natuer te sjen. Om in oare kar te meitsjen yn de fergriening fan ús publike romte en om yn de wrâld mear beammen oan te plantsjen om sa besykje te helpen de klimaatkrisis op te kearen.

De pleinen foarmje de iepen romten yn it bosk. It binne de ideale plakken foar kulturele aktiviteiten, wêrtroch it ferhaal fan it kuierjende bosk fersterke wurdt. Neist it opsetten fan in kultureel, edukatyf en ferdjipjend program is Bosk boppedat oanjager fan allerhande inisjativen yn it sintrum en de bûtenwiken fan Ljouwert en yn de provinsje Fryslân.

Yn’ e mande mei dielnimmers, wiken, doarpen, ferienings, ûndernimmers en organisaasjes stribbet Bosk nei in grienere takomst troch it plantsjen fan in hiele protte beammen. Sa krije de beammen en tûzenen siedlingen fan it kuierjende bosk nei augustus 2022 allegearre in permanint plak yn de gemeente Ljouwert en de provinsje Fryslân.

Dit autonome keunstwurk is ynisiëarre troch Joop Mulder silger (Sense of Place) en betocht troch Bruno Doedens (SLeM) en in projekt fan Arcadia.