Us wurkwize

Fan Skylge nei Fryslân en dan troch nei Grinslân.

Neist de Waadsee as UNESCO Wrâlderfguod sjocht Sense of Place ek de Waadkust as in nij nasjonaal Lânskipspark. Yn al har ferskaat en kompleksiteit is de relaasje tusken natuer en kultuer nearne yn Nederlân sa fielber en taastber as hjirre. Sense of PLace wol oer gemeentlike- en provinsjale grinzen hinne gean  en it lânskip en har bewenners “fiere” troch middel fan keunst en kultuer.

Keunst yn de iepenbiere romte is oeral. Keunst yn de iepenbiere romte is foar eltsenien. Keunst yn de iepenbiere romte is dan ek fan eltsenien. Keunst yn de iepenbiere romte jout identiteit en syn bestimmingen yn it (stedsk) lânskip. Keunst fertelt it ferhaal fan wêr’t wy wei komme, wêr’t wy binne  en wêr’t wy hinne wolle. Keunst ferbynt mienskippen.

Keunst en kultuer sa as Sense of Place dat foar stiet, drage yn brede sin by oan programma’s dy’t troch de bewenners en oerheden wichtich fûn wurde. Tink oan toerisme, erfguod, romtlike kwaliteit en lânskiplike ûntwikkelingen en/of (wer) ynrjochtingen.

It gebiet stiet foar grutte wurken en wichtige opjeften sa as dykfersterking, de klimaatferoaring, it sâltich wurden, de transysje fan de lânbou, de stikstof problematyk, de ôfname fan biodiversiteit én de leefberens dy’t ûnder druk stiet yn doarpen en stêden l6ans de Waadkust: Fan Den Helder oan ’t Esbjerg.

Keunst – lânskipskeunst- wurket as katalysator foar sawol de kânsen as de opjeften dêr’t gebiet foar stiet. Sy fersterket ommers de skientme en de oanlûkingskrêft fan de kuststrook. Sy generearret besite en omtinken, fersterket de ekonomy en fergruttet de leefberens. Sy fertelt de bewenners en besikers it ferhaal fan de Waadkust. Makket harren bewust fan it lânskip en de natuer: de potinsje en de kwetsberheid. Sy soarget foar diskusje, set oan ta neitinken, ferbynt partijen en mienskippen en makket de útdaging taastber. Dêr binne al moaie foarbylden fan realisearre.

Der binne al in protte partijen, fan Rykswettersteat oan ’t lokale doarpsbelangen,  dy’t har op de ien of oare wize dwaande hâlde mei it lânskip foarm te jaan. By in gebietsûntwikkeling is it dêrom fan belang dat de “keunsten” in yntegraal ûnderdiel foarmje fan de planûntwikkeling. Sense of Place wol him de kommende jierren sterk meitsje om dit belang út te dragen en ûnderdiel te wurden fan plan- en/of projektgroepen.

Yn de perioade 2023-2025 sille wy ús op de folgjende kearntaken rjochtsje: kommunisearje, beheare en útdrage fan de ûntstiene Sense of Place rûte, berikber wêze foar nije inisjativen, it útfieren fan in twatal noch rinnende projekten en nije gearwurking sykje om de keunst op de lange termyn in bliuwende rol spylje te litten.                                                                                   Utsplitst sjocht it der sa út:

It Loket

In oansprekpunt foar inisjativen, keunstners en bewenners.

Sense of Place hat de ôfrûne jierren in namme opboud yn de regio. Wy binne it oansprekpunt  foar bewenners, keunstners, makkers, oerheden, (natuer) organisaasjes en ûnderwiis ynstânsjes op it mêd fan lânskipskeunst/ferhalen fertelle yn de Waadregio wurden.

Wy keppelje inisjativen fan út de mienskip oan in keunstner, selskip en mooglike partners fisa fersa. Wy hannelje as adviseur en keppeler. As it nedich is biede wy – by in opdracht- stipe yn it trajekt. It kin dan gean om lytsere en middelgrutte wurken wêr’t profesjonele makkers by belutsen wurde of binne. Wichtige betinkst is dat it inisjatyf lokaal drûgen wurdt en in relaasje hat mei it lânskip en de identiteit fan it gebiet. Ideeën en fersiken kinne bygelyks komme fan doarpsbelangen, gemeenten, oare oerheden, bedriuwen, ûnderwiisynstellings, lokale stiftingen, kollektiven, ferienings keunstners en makkers.

Sense of Place Projekten

Wy rjochtsje ús op projekten fan in útsûnderlike kwaliteit, mei as doel, dat wy in bydrage leverje oan de werynrjochting fan de libbensomjouwing  fan de kust oan ‘t yn de doarpen en/of steden. Projekten dy’t oan de iene kant ta de ferbylding sprekke en oan de oare kant realistysk en útfierber binne. Dizze projekten kinne ûntstean fan út war der fia “it loket” oan drûgen is, mar ek op eigen inisjatyf fan út it bestjoer.

Kennis en ûnderfining dy’t der de ôfrûne jierren opdien is, wolle wy ynsette yn takomstige opdracht-situaasjes. Sense of Place projekten wolle har ferbine mei besteande programma ‘s sa as dy te finen binne op it mêd fan toerisme, duorsumens, erfguod, lânskip, romtlike kwaliteit en breed wolwêzen.

Sa as de wrâld feroaret, sa feroaret ek de keunst. Mei de fokus op boppesteande ûnderwerpen wurde projekten net allinne mear relevant mar krije ek in ynbêding yn it (kulturele) lânskip. Keunst dy’t oeral wêze kin en dy’t by draacht oan transysjes of belibjen fan de omjouwing.

Wy ûntwikkelje en wurkje konsepten út, bringe de geskikte partijen by elkoar en jouwe ried oer de útfiering en fûnsenwinning.  De úteinlike útfiering, eigenerskip en behear fan in projekt lizze wy by tredden del.

Transysjewille

Tsjinwurdich wurdt der in protte praat oer “transysjepine”.  Mei Sense of Place wolle wy ek sykje nei de  “transysjewille”. Op hokker wize kin keunst ek by drage oan in nij “ferbûn” tusken kultuer (dat wat de minsken dogge) en natuer (dat wat der is sûnder minsklik handeljen). Om it sa mar ris te sizzen , in nij “skip” neist mienskip, wetterskip eignerskip ….. in kultuerskip. Keunst en kultuer dy ‘t de rûnom bekende urginte opjeften adressearret, sichtber makket, bewustwurding fergruttet en tagelyk in eachopslach op de takomst biedt.

Joop hie it oer “earst leauwe en dan sjen”. En no wy al sjen kinne wat de effekten wêze kinne foar in mienskip, in gemeente, provinsje en it lânskip sels wol Sense of Place “leauwen” bliuwe yn in duorsum ferfolch. Wy bliuwe leauwen yn de bydrage dy’t keunst yn de iepenbiere romte spilet yn de transysjes fan it lânskip (fan plattelân oan ‘t doarp en stêd).

Gearwukje

Wolsto de krêft fan lânskipskeunst ynsette om ynwenners en besikers in ferhaal te fertellen? Nim dan kontakt op mei ús fia info@sense-of-place.eu.
Wy sille ús ynsette foar dyn idee en meitinke oer de mooglikheden.