Oer Sense of Place

Sense of Place is in kulturele ûntwikkelorganisaasje dy’t de regio by de Waadkust del nije fitaliteit jaan wol troch de unike kwaliteiten fan dit gebiet út te fergrutsjen mei help fan byldzjende keunst- en ûntwerpprojekten. Tegearre mei bewenners en it lânskip fertelle we fia dizze projekten it ferhaal fan it Noarden. De skiednis fan it gebiet en har bewenners, it lânskip én de takomst.

As in ‘ ûntwikkelorganisaasje’ stimulearret, produsearret en ontslút Sense of Place byldzjende keunst- en ûnwerpprojekten yn it bûtengebiet by de Waadkust del. Dêrby rjochtsje we ús no noch op Nederlân. Mooglikerwiis groeie de projekten ynd e takomst ek troch nei de Dútske en Deenske Waadkust. Troch in rûte ferbine we de projekten mei inoar.

Sense of Place makket hjirmei de unike wearden fan natuer, lânskip en kultuerhistoarje fan it bisûndere UNESCO wrâlderfguod Waadgebiet sichtber foar in breder publyk. De regio kriget hjirmei tagelyk in ekonomyske en sosjaalmaatskiplike impuls. Sense of Place nimt somtiden sels it inisjatyf mar mear noch stipet sy initiativen fanút de lokale mienskippen.

De projekten hawwe respekt foar de kultuer en natuer fan it gebiet en fertelle it ferhaal fan de lokaasje en it lânskip. Se jouwe it plak dêrmei oanlûkingskrêft en betsjutting: a Sense of Place.

Keunstners, lânskipsarsjitekten, ûdnersikers, bewenners, gebrûkers, maatskiplike organisaasjes, ûndernimmers, natuerbeskermingsorganisaasjes en oerheden wurde mei inoar yn kontakt brocht om mei inoar op innovative wize stal te jaan oan kulturele lânskipsûntwikkeling.

Wolsto mear witte oer de wurkwize fan Sense of Place? Untdek it hjir.

 

De wise wêrop it begûn

 Sense of Place begûn as in searje dielprojekten op Oerol. Grutte, mar tydlike byldzjende keunstprojekten-faaks ek lânskipsarjitektuer-giene de relaasje oan mei de omjouwing. Joop Mulder noege ferskate keunstners en ûntwerpers út om hjir te eksperimentearen mei ferskillende foarmen.

Yn 2016 naam Joop Mulder ôfskie fan syn Oerol en brocht Sense of Place nei de fêste wâl: nei it gebiet by de Waadkust del. Joop woe krekt dit yn in soad opsichten achterbelaune gebiet in impuls jaan; ta libben bringe. Krekt dit unike kultuerlânskip, it lânskip dat it resultaat is fan de striid én it libjen mei de see, jout fieding oan nije keunstwurken, nije fiersichten en in nije sense of place.

Lês fierder

Organisaasje

Sense of Place is in stifting mei in bestjoersmodel. In netwurkorganisaasje dy ’t by in fraach/fersyk/opgave sykjen giet nei ferbining en/of de krekte útfierjende persoanen of organisaasjes. Ek bestiet de mooglikheid self projekten te inisjeren. Dêrneist wurkje we yn opdracht.

Bestjoer (ûnbetelle)
Valerie van Leersum (foarsitter), Wendy Gooren (vice-foaritter/penningmeester), Anke Bijlsma, Marc van Vliet, Ruud Reutelingsperger(sekretaris)  en Esther Kokmeijer.

Deistich bestjoer
Wendy Gooren, Ruud Reutelingsperger en Anke Bijlsma

Sense of Place wurket mei in grutt groep ZZP-ers en hiert dizze yn nei it jildende taryf op de merke.

ANBI
Sense of Place hat de ANBI status.

activiteiten verslag 2019
activiteiten verslag 2020
activiteiten verslag 2021
activiteiten verslag 2022