Golf van Termunterzijl

“In wide blik ferrommet it tinken”

De Golf fan Termunterzijl fertelt as markearringspunt gjin eigen ferhaal, mar lit it lânskip en bewenners it ferhaal fertelle. Besikers ûntdekke en belibje, al kuierjend troch de Kleine Polder en oer de Golf, fanút ferskate perspektiven it gebiet: De ferbining tusken it lân en de see, de (binnen en bûten) diken, de histoarje fan Termunterzijl en Termunten yn de foarm fan ûnder oare de Boog van de Ziel ( de âlde slûs) en de Ursustsjerke fan Termunten út de 12de iuw, beide grinzjend oan de polder.

Sense of Place wurke yn opdracht fan Stichting Het Groninger Landschap gear mei Observatorium Rotterdam oan in definityf ûntwerp foar in markearringspunt yn de Kleine Polder by de doarpen Termunten en Termunterzijl. Dit binne doarpen oan de Waadkust yn it Eems-Dollard gebiet yn de provinsje Groningen. Troch dit bysûndere markearringspunt wurde de identiteit en histoarje fan de Kleine Polder en de omjouwing fersterke. It soarget der foar dat de bewenners en rekreanten harren mear bewust wurde fan de bysûndere omjouwing wêryn sy harren befine en dêrtroch op in oare wize sjen gean nei de relaasje tusken minske en lânskip.

De Golf fan Termunterzijl is in gearwurking tusken Stichting Het Groninger Landschap, Observatorium Rotterdam en Sense of Place. Wil je meer weten over de Golf van Termunterzijl? Kijk dan op de website van Uitkijktorens.nl

Realisaasje: Neijier 2022.
Lokaasje: De útsjochtoer is frij te besykjen en der binne foldwaande parkearmooglikheden by de yngong fan de polder. De polder hat gjin eigen adres. Der rint in dykje fan ôf de Antoni Verburghwijk rjochting it gemaal Rozema (Mello Coendersbuurt 1, 9948PL Termunterzijl), de polder leit rjochts fan dit dykje.