De Kromme Herne

Ljocht, tij, wrydskens, rêst en net te leauwen fiersichten. By it ûntwerp fan de Kromme Herne komt alles by inoar. Betrêdzje dizze takomstige kromme pier by Wierum en men stiet midden tusken de slinken, kwelders en platen mei it ûneinich ljocht as maat.

Fan de seedyk ôf by Wierum rint straks in kromme 330 meter lange pier. Besikers kinne oer de pier, dy’t foar it grutste part lâns de âlde pier rint en dizze beskermet tsjin fierder ferfal , kuierje. Rinnend boppe it wetter en it slyk en lâns twa panoramyske útsjoch- en ferbliuwspunten ûnderfine hja de skientme fan dit unike lânskip.

Lânskipsobjekt de Kromme Herne wurdt foar en troch minsken en yn harmony mei de natuer makke. De twa “rotondes mei ôfslaggen” binne de plakken wêr it tij fongen wurdt. Hjir ûntstean saneamde spielgatten dy’t – troch de wurking fan it tij – yn de rin fan de jierren in oar lânskiplik uterlik krije. Der sille kwelders en slinken ûntstean. By de ien komme mokselbanken, by de oar fegetaasje en de pier hat as bykommend effekt dat de besteande kwelders oangroeie sille.

Rêd de kwelder
De kwelder by Wierum is in unyk stikje lânskip. Doarpsbewenners, fûgelspotters, kuierders en waadrinners genietsje hjir folop fan rêst, belibbing, en de wrydskens fan de skitterende  Waadnatuer. Dizze unike ûnderfining stiet lykwols behoarlik ûnder druk.Bewenners fan Wierum en omkriten en boppedat kuier-,fyts-,natuer- en fûgelleafhawwers út hiel Nederlân meitsje harren dêr soargen oer. Troch op dit stuit yn te gripen, kin de kwelder behâlden bliuwe foar de hjoeddeistige en takomstige generaasjes. Stypje de petysje op: www.reddekwelder.nl.

Wierum

Om de libbenens fan it doarp te fersterkjen naam yn 2016 in tal ynwenners fan Wierum it inisjatyf om de mooglikheden foar nije rekreative foarsjenningen te ferkennen. Der binne tal fan ideeën lansearre, der is harsenskrabbe, ferkend en sketst. Helder waard dat der in romtlik elemint komme moast dat de kwaliteiten fan Wierum sichtber makke: de kwelder, it Waad, de seedyk sûnder ein, de rêst, it tij, de kleuren, it ljocht, de unike skiednis en de ferbining mei faar- en kuierrûtes yn de regio. Der waard kontakt lein mei Ruud Reutelingsperger fan it keustnerskollektyf Observatorium, mei as resultaat in prachtich ûntwerp foar de Kromme Herne.

Mooglike realisaasje: yn ûndersyk
Lokaasje: Wierum