Wachten op hoog water

“Wachtsje op heech wetter” is in byld fan Jan Ketelaar. Het byld bestiet út twa, fan metaal laske, froulju en is fiif meter heech. In tsjokke frou stiet njonken in meager frommeske. Sy sjogge oer see út. It byld symbolisearret de syktocht nei balâns en útwikseling.

De tsjokke frou waard yn desimber 2018 ynstallearre, it jier fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd. Op 16 septimber 2019 krige hja selskip fan de meagere frou. Sa’n hûndert minsken kamen nei de dyk om te sjen nei de foltôging fan it projekt. Filmmakker Jonathan Doornenbal lei de feestlike middei fêst.

Oer Jan Ketelaar

Jan Ketelaar is in keunstner út Fryslân. Yn 2002 studearre hy ôf oan de Academie Minerva, byldhouwen ynterdissiplinêr. Under de namme Potzenmakerij Ketelaar makke hy saneamde “potzen”: serieuze grappen.

Jan Ketelaar eksposearre û.o. yn Portugal, Bremen en New York. Reizge mei syn metershege bylden, “de Staat van Nederland”, ferskate kearen ( mei in heftruck) troch Nederlân. Yn 2014 waard yn Ljouwert syn keninklik hek, yn de foarm fan in bank besteande út linebeamblêden, te plak set rûnom de earste keningslinebeam yn Nederlân. Hy is benammen byldhouwer, mar skriuwt en publisearret ek gedichten. Yn 2008 en yn 2012 stie hy yn de finale NK Poetry Slam. Yn 2014 kaam syn earste bondel út: “Van een man die dacht, ik wil niet meer denken”. Dêrneist organisearret hy as potzenmakker literêre en kulturele gearkomsten en is hy plannemakker.

Lokaasje: Holwert.
Parkeare: Grândyk 9 (Fan ôf dit plak kinne jo it byld al sjen en rinne jo der sa hinne)

Wachtsje op heech wetter wurdt mei mooglik makke troch:                                                                                                       

Douma Staal, RE-ON LAS lastechniek, LSC Ladder& Steiger Centrale, Mannen Van Staal, Paviljoen De Walvis, Hotel De Gouden Klok, Eens, Judith Nieken en de Friese Rabobanken, grutske partner fan Sense of Place.

De Friese Rabobanken, trotse partner van Sense of Place