Sense of Place rûte

Oer de dynamyk fan it Waad en it libben lâns de kust binne de moaiste ferhalen te fertellen. Dy ferhalen wol Sense of Place garje, útfergrutsje en fiere. Dat dogge wy net allinnich mei in rige keunstwurken lâns de hiele Waadkust, mar ek mei allerhande lytsere projekten: oerkoepeljende ferhalerûtes, tydlike eksposysjes, moetings en lytsskalige eveneminten.

Fan de heechste terp oant it nijste gemaal                                                                                                                           

De Sense of Place rûte is sa’ n oerkoepeljende rûte lâns de Fryske Waadkust. Sy fiert lâns ferskate Sense of Place-projekten, mar ek oare nijsgjirrichheden en weetsjes komme oan bod. De rûte kin sawol op de fyts as mei de auto ôflein wurde. Fan de heechste terp oant it nijste gemaal en fan slykwurker oant jirpelboer; ûntdek al toerend de moaiste ferhalen fan it Waad.

De rûte

Klik op de kaart om de rûte te fergrutsjen en kies in “point of interest” om de tekst oer it keazen gebiet te lêzen.Troch ûnder oan de tekst op “routebeschrijving” te klikken is it mooglik om mei Google Maps nei it selektearre punt te navigearen. 

 

It is ek mooglik om de folsleine rûte te besjen fia Google Maps.

Praktyske ynformaasje

Fanwegen it briedseizoen binne de Dobbehynders en de Terp fan de Takomst tusken 15 maart en 15 july net berikber.

Horekatips
Yn’ e buert fan dizze ferhalerûte kinne Jo de folgjende Horecagelegenheden fine:

Op of nabij deze verhalenroute zijn de volgende horecagelegenheden te vinden: 

  • Hotel Restaurant Zee van Tijd
    Foarstrjitte 6
    Holwert
    Iepen woansdei o/m snein fan 12.00 oere, wykeins fanôf 8.00 oere.
  • Café Restaurant de Zwarte Haan
    Nieuwebildtdijk 428
    St. Jacobiparochie
    Iepen tiisdei o/m snein fan ôf  12.00 oere
  • Cafe Het Graauwe Paard
    Monnikebildtdijk 1
    Oudebildtzijl
    Iepen: woansdei o/m snein fan ôf 16.00 oere
  • Eetcafe de Kalkman
    Dykstrjitte 2
    Wierum
    Iepen: tiisdei o/m sneon fan ôf 11.00 oere, sneins fan ôf 12.30 oere

 

Terp fan de Takomst

Terpen binne wichtige ferskynsels yn it Fryske lânskip. Sy sprekke ta de ferbylding as it giet om de skiednis, sy roppe fragen op as it giet om  de archeology en it binne ynspiraasjeboarnen foar keunst, kultuer en takomstige ûntwikkelingen.

Al langere tiid dreame ferskate minsken oer it ûntwikkeljen fan de Terp fan de Takomst. In nije bûtendykse terp, dy ’t de mooglikheid biedt ta ûnderwiis en ûndersyk, ta histoarisearjen, om dêr nije en âlde sâlte teelten út te probearjen, ta konsertearjen, dêr yn stilte te wêzen en om de ferbylding sprekke te litten.

It doarp Blije hat it inisjatyf naam om dizze Terp fan de Takomst, in dreambyld, echt wier te meitsjen. It doarp, dat harsels sterk mei it Waad ferbûn fielt, stelt yn har doarpsfyzje: “Wy wolle wer mei it  gesicht nei de Waadsee wenje, libje en wurkje.” Sintraal  yn dy fyzje stiet it idee om bûtendyks, op de hichte fan Blije, in nije terp te bouwen. Men wol in nij belibbingsplak kreëarje mei as doel: minsken nei it doarp en de Waadkust te lûken, om âlde ferhalen te fertellen en nije ferhalen te betinken.

Doarpsbelang Blije, It Fryske Gea, it Terpensintrum (RUG) en Sense of Place hawwe besluten om oangeande de Terp fan de Takomst in gearwurking oan te gean. Hja hawwe in projektgroep foarme om dizze dream te realisearjen.

It ûntwerp

It ûntwerp foar de Terp fan de Takomst is fan Observatorium. It is makke as in “keunstwurk” dat yn eltse fase fan it groeiproses ta de ferbylding sprekt en yn eltse fase in bestimming is foar bewenners en besikers; in Waaksjende Terp.

Terpen feroaren troch de tiid hinne fan smel (5 meter) en leech (1 meter) nei breed en heech (oant wol 10 meter). Fan in terp mei mar 1 hûs nei in útbuorren mei in tsjerkje. Dit proses, fan steapeljen, laach op laach, wol it Observatorium mei de Waaksjende Terp de besikers ûnderfine litte. Yn de rin fan jierren sil de terp langsum, mar wis, waaksje nei syn dreamd einbyld.

Petear fan de Takomst

De Terp fan de Takomst ie sneon 16 july 2022 iepene troch Waadferieningsdirekteur Lutz Jacobi en Shantykoar De Slykstappers. As ûnderdiel fan de de feestlike iepeningsdei organisearre Sense of Place it Petear fan de Takomst yn de St. Nicolaastsjerke yn Blije. Ûnder lieding fan de sjoernalist Tracy Metz gienen Harry Feenstra, inisjator fan de Terp fan de Takomst en ynwenner fan Blije, Eveline de Smalen (Kurator Werelderfgoedcentrum Waddenzee) en Eeefke van der Wouw (miljeu- en minskerjochten ambassadeur) mei elkoar yn petear oer klimaatferoarings en de konsekwinsjes derfan foar it Waadgebiet. Keustner en ûntwerper fan de Terp fan de Takomst Ruud Reutelingsperger fersoarge in passende iepening, folge troch in foardracht fan sjoernalist Kirsten van Santen. Rom 50 minsken wienen tsjûge fan dit boeiende en tige nuttige petear.

Wolle Jo de bydragen fan Ruud Reutelingsperger en Kirsten van Santen noch ris rêstich werom lêze? Klik dan hjir om de teksten te downloaden.

Suksesfolle gearwurking  

Dit  projekt is in gearwurking fan de feriening fan Doarpsbelang Blije e.o. en de ynwenners fan Blije mei Sense of Place, it Fryske Gea en it kollektyf Observatorium út Rotterdam. Troch de finansjele stipe fan it Waadfûns, it Mondriaanfonds, it Prins Bernhard Cultuurfonds/Fonds Laboratoria, it BPD Cultuurfonds, de provinsje Fryslân en de gemeente Noardeast Fryslân is de realisaasje mooglik makke.

Lokaasje: Blije
Rûtebeskriuwing: Nim de Unemaloane en sla oan de ein lofts ôf. Dêrnei rjochts de Seedyk oer.    

 

 

Wachten op hoog water

“Wachtsje op heech wetter” is in byld fan Jan Ketelaar. Het byld bestiet út twa, fan metaal laske, froulju en is fiif meter heech. In tsjokke frou stiet njonken in meager frommeske. Sy sjogge oer see út. It byld symbolisearret de syktocht nei balâns en útwikseling.

De tsjokke frou waard yn desimber 2018 ynstallearre, it jier fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd. Op 16 septimber 2019 krige hja selskip fan de meagere frou. Sa’n hûndert minsken kamen nei de dyk om te sjen nei de foltôging fan it projekt. Filmmakker Jonathan Doornenbal lei de feestlike middei fêst.

Oer Jan Ketelaar

Jan Ketelaar is in keunstner út Fryslân. Yn 2002 studearre hy ôf oan de Academie Minerva, byldhouwen ynterdissiplinêr. Under de namme Potzenmakerij Ketelaar makke hy saneamde “potzen”: serieuze grappen.

Jan Ketelaar eksposearre û.o. yn Portugal, Bremen en New York. Reizge mei syn metershege bylden, “de Staat van Nederland”, ferskate kearen ( mei in heftruck) troch Nederlân. Yn 2014 waard yn Ljouwert syn keninklik hek, yn de foarm fan in bank besteande út linebeamblêden, te plak set rûnom de earste keningslinebeam yn Nederlân. Hy is benammen byldhouwer, mar skriuwt en publisearret ek gedichten. Yn 2008 en yn 2012 stie hy yn de finale NK Poetry Slam. Yn 2014 kaam syn earste bondel út: “Van een man die dacht, ik wil niet meer denken”. Dêrneist organisearret hy as potzenmakker literêre en kulturele gearkomsten en is hy plannemakker.

Lokaasje: Holwert.
Parkeare: Grândyk 9 (Fan ôf dit plak kinne jo it byld al sjen en rinne jo der sa hinne)

Wachtsje op heech wetter wurdt mei mooglik makke troch:                                                                                                       

Douma Staal, RE-ON LAS lastechniek, LSC Ladder& Steiger Centrale, Mannen Van Staal, Paviljoen De Walvis, Hotel De Gouden Klok, Eens, Judith Nieken en de Friese Rabobanken, grutske partner fan Sense of Place.

De Friese Rabobanken, trotse partner van Sense of Place


 

Dobbehynders

Dobbehynders is in kuierrûte efter de seedyk by Marrum. De rûte bringt it ferhaal fan de “hynders fan Marrum” -wrâldnijs yn 2006- op subtile wize ta libben yn it lânskip. In echte eachlûker is in reuseftich fotokeunstwurk fan Marcel van Luit, dat midden yn de Oazingadobbe leit. Kultuer, keunst en in bysûndere fertelling; alles falt gear ûnder dizze kuiertocht troch it wûndere moai Noard-Fryslân Bûtendyks.

It ferhaal fan de hynders fan Marrum
Op 31 oktober raast der in swiere stoarm oer it Noarderleech, wêrtroch it bûtendyks gebiet by Marrum der ûnder strûpt. Op dat stuit stean der noch sa’n hûndert fyftich hynders efter de seedyk op de râne fan de Oazingadobbe, ynsletten troch it seewetter. Lang om let slagget it seis amazônes om de keppel -efter harren eigen hynders oan- nei in feilich gebiet te lokjen. De rêdingsaksje sprekt ta de ferbylding en it nijs giet de hiele wrâld oer.

Nei it hynstedrama ûntstiet fan út Doarpsbelang Marrum-Westernijtsjerk de winsk om in kuierrûte oan te lizzen as earbetoan oan de rêdingsaksje. Yn gearwurking mei Sense of Place en it Fryske Gea komt dy rûte der yn 2018.

Permanint keunstwurk yn de hynstedobbe                                                                                                       Hichtepunt fan de kuierrûte is it lizzende fotokeunstwurk midden yn de Oazingadobbe, it plak dêr ’t de hynders yn 2006 ynsletten rekken. De ôfbylding ferbyldet it hynstedrama. It is in keunstúting fan digital artist Marcel van Luit. Hy boartet mei djipte, kontrast en kleur en is tige bedreaun yn it gearmjuksjen fan ferskate bylden ta ien ferheljend gehiel, wêrtroch  de ôfbylding – sels yn dit formaat – hierskerp is en kwa kleurepalet oanslút op it lânskip. It keunstwurk leit op de wetterspegel en beweecht mei op de stân fan it wetter. Men kin it allinne besjen fan de râne fan de dobbe ôf. Op dizze wize bliuwt it oansicht fan it iepen lânskip behâlden. Wa’ t de ôfbylding sjen wol, moat perfoarst de kuierskuon oan lûke!

Praktyske ynformaasje                                                                                                                                                                It startpunt fan de Dobbehynders-rûte leit bûtendyks, flakby it Timpeltsje fan Ids Willemsma. Jo stekke neist it Timpeltsje by de oergong fan de dyk de seedyk oer. Oan de lofterside is de startlokaasje fan de rûte, te werkennen oan de tsientallen hoefizers op de grûn, in keunstwurk fan Machiel Braaksma. De Oazingadobbe sels – mei dêryn it fotokeunstwurk fan Marcel van Luit – leit op in ôfstân fan ûngefear 350 meter  it lân yn.

 

Adres: Oazingaloane 1, Marrum
Lokaasje fan de Oazingadobbe op Google
Maps:
https://goo.gl/maps/fhs7A6sy52rKcSvX8

Op ûndersteand kaartsje giet it om de eastlike rûte.

Tagonklikens
Noard-Fryslân Bûtendyks wurdt beheard troch it Fryske Gea en is mei syn simmerpolders, dobben, wat sâltige gerslannen, slykfjilden en kwelderwurken in wichtich gebiet foar de fûgels. Dêrom is de Dobbehynders-rûte elts jier tusken 15 maart en 15 july sletten.  

Dit projekt is in inisjatyf fan Doarpsbelang Marrum-Westernijtsjerk, it Fryske Gea en Sense of Place. 

It keunstwurk yn de Oazingadobbe waard mei mooglik makke troch: De Versterking, STICHTING SIEBOLT FOUNDATION, Fries Paardenstamboek, Stichting Faderpaarden Gemeente Noardeast Fryslân en ferskate sponsoaren: Wilcovak, Neenah Coldenhove, Chromaluxe en Epson.

De bûtendykse kuierrûte waard mei mooglik makke troch: Het Waddenfonds en de Provinsje Fryslân. 

 

Broken Jug

In masterwurk fan in wrâldferneamd keunstner, Frank Stella’s yn it each springende, gigantyske keunstwurk Broken Jug, kin men gewoan lâns de Fryske Waadkust fine. Oan de Harnzerstrjitwei yn Harns stiet it ferneamde wurk op de kop fan de langparkearterreinen. De ymposante foarmen fan Broken Jug binne net te missen. “Mei de pleatsing fan Broken Jug is Harns,  Noardwest Fryslân en de provinsje Fryslân in nij oriïntaasjepunt riker”, sa seit de grutske Gemeente Harns.

Unike Ferljochting

Ek nei sinneûndergong falt Broken Jug flink op yn it strjitbyld fan de havenstêd. Atelier Lek út Rotterdam soarge foar in unyk ljochtûntwerp. It ûntwerp is grûne yn it tij. De wurking fan eb en floed is nammentlik fisualisearre op it keunstwurk. It levert in skitterjend skouspul op.

Frank Stella en Joop Mulder

Broken Jug is ien fan  de withoefolle wurken fan de ferneamde Amerikaanske keunstner Frank Stella. Hy hat namme makke mei syn minimalistyske skilderijen en trijediminsjonale wurken. Yn 2009 krige Stella de National Medal of Arts fan de doetiidske presidint Barack Obama.     Yn 2019 wie de keunstner in grut foarstander fan it idee om syn wurk Broken Jug yn Harns in plak te jaan. “It is so well-situated at the edge of the sea”, ferklearre Stella ûnder de iepening twa jierren letter. Dat it ferneamde keunstwurk werklik yn Harns pleatst waard, is te tankjen  oan Joop Mulder, âld-boargemaster Roel Sluiter en âld-wethâlder Hein Kuiken fan Harns. “Joop naam Broken Jug nei elts oerlis ûnder syn earm mei”, fertelde Sluiter oan Omrop Fryslân. Nei in hiele tiid wachtsjen hat Broken Jug lang om let in wolfertsjinne plak krigen.

De dream fan Joop is útkaam.

Foto ’s: Atelier LEK en Edwin Kooren.

Een meesterwerk van een wereldberoemd kunstenaar. Frank Stella’s opmerkelijke én gigantische kunstwerk Broken Jug vind je gewoon langs de Friese Waddenkust. Aan de Harlingerstraatweg in Harlingen staat het beroemde werk op de kop van de langparkeerterreinen. De indrukwekkende vormen van Broken Jug zijn niet te missen. “Met de plaatsing van de Broken Jug is Harlingen, Noordwest Friesland en de provincie Friesland een nieuw landmark rijker”, aldus de trotse Gemeente Harlingen. 

Unieke verlichting 

Ook na zonsondergang valt Broken Jug flink op in het straatbeeld van de havenstad. Atelier Lek uit Rotterdam zorgde voor een uniek lichtontwerp. Dit ontwerp is ontworpen op basis van het getij. De invloed van eb en vloed is namelijk gevisualiseerd op het kunstwerk. Het levert een schitterend schouwspel op. 

Frank Stella en Joop Mulder

Broken Jug is één van de vele werken van de beroemde Amerikaanse kunstenaar Frank Stella, bekend om zijn minimalistische schilderijen en driedimensionale werken. In 2009 ontving Stella de National Medal of Arts van toenmalig president Barack Obama. In 2019 was de kunstenaar een groot voorstander van het idee om zijn werk in Harlingen te plaatsen. “It is so well-situated at the edge of the sea”, verklaarde Stella tijdens de opening twee jaar later. Dat het beroemde kunstwerk daadwerkelijk in Harlingen geplaatst werd, is te danken aan Joop Mulder, oud-burgemeester Roel Sluiter en oud-wethouder Hein Kuiken van Harlingen. “Joop nam de Broken Jug naar elk overleg onder zijn arm mee”, vertelde Sluiter aan Omrop Fryslân. Na lang wachten heeft Broken Jug eindelijk een welverdiende plek gekregen.   

De droom van Joop is uitgekomen.

Foto’s: Atelier LEK en Edwin Kooren

Bildtstars en Eigenheimers

Bildtstars en Eigenheimers is in foto- en ferhalerûte dy’t by de Waadkust lâns giet. Men sjocht mânske portretfoto’s fan jirpelboeren, dy’t midden yn it lânskip stean. Op dizze wize krije de boeren en harren famyljes in gesicht. Hokker ferhalen wolle sy fertelle: oer it lân dat hja bewurkje, oer harren kultuer en harren libben? Lear de Waadkust te besjen troch de eagen fan de lokale ierappelboer oan de hân fan portretten yn byld en lûd.

Monumintale foto-ynstallaasjes fan Linette Raven
De earste tsien portretten – makke troch fotograaf Linette Raven – kin men sûnt novimber 2018 sjen op dakken, muorren en skuorren fan pleatsen yn Noard-East Fryslân. Fan fier stoarje de portrettearre boeren oer de fjilden, somtiden allinne, somtiden mei harren famylje, mar altiten yn de deistige klaaiïnge en sûnder opskik. “It lânskip is de minske en de minsken binne it lânskip”, sa seit Linette Raven, “Jo moatte de minsken allinne noch efkes kennen leare.” Yn juny 2020 binne der noch sân portretten oan de rûte ta hekke en dêrmei is de Fryske rûte folslein wurden. Op nei Grinslân.

Ynnimmende audioferhalen fan Ellen Schat
De jirpelboeren op de Bildtstars en Eigenheimers-rûte binne net allinne ynnimmend fêstlein op byld, mar ek hat elts in audioportret krigen. Wa’ t mear witte wol oer it boerelibben en it lânskip kin foar of ûnder de rûte de prachtige, ynbannige ferhalen fan Ellen Schat beharkje. De audiobestannen binne ynsprutsen troch de dichter Syds Wiersma.

Besjoch de rûte online
Brûk it kaartsje hjirûnder om de rûte en adresbysûnderheden te besjen en de ferhalen te beharkjen. Troch op in ikoantsje op de rûte te klikken docht it audiobestân syn wurk.

 

De rûte start yn Furdgum en eindicht yn Eanjum. Op de fyts docht men sa’ n trije oeren oer de ûndernimming, mar ek mei de auto kin men de foto-ynstallaasjes hiel goed besykje en bewûnderje. Op it plak sels hjitte ynformaasjepanielen jo wolkom op it hiem. Men hoecht net skruten te wêzen om de foto’s ek fan tichteby te besjen!

Ek beskikber fia de webside fan Visit Wadden
Boppesteande rûte is ek beskikber fia de webside fan Visit Wadden. Fia dizze pagina kinne jo maklik mei jo smartphone lâns de portretten navigearje en ûnderweis de audiobestannen beharkje. Hawwe jo mear nocht oan muzyk? Ek dêr ha wy oan tocht. Jan de Vries hat in spesjaal Bildtstars& Eigenheimers-liet foar dit projekt skreaun.

Jirpelkweker moetet jirpeliter
De foto-ynstallaasjes fan Bildtstars en Eigenheimers bliuwe op syn minst fiif jier hingjen en wurde stadichoan ien mei it lânskip. Mei dit lang rinnende projekt wol Sense of Place de relaasje tusken de jirpeliter en de jirpelkweker ophelje. De besiker fan de rûte skept straks net samar mear in frytsje of in jirpel op syn board, mar tinkt der fêst by werom oan it prachtige ferhaal dat hy of sy heard hat op dizze rûte. 

BIldtstars en Eigenheimers wurdt mei mooglik makke troch:

 

 

 

Watdataangaat

De Fryske Waadkust is in bysûnder keunstwurk riker. Ta oantinken oan Joop Mulder hat men op de Seedyk by Koehoal it wurk Watdataangaat pleatst. It keunstwurk, dat fungearret as bank, is in ûntwerp fan byldzjend keunstner Marc van Vliet en it is finansiere troch de neiste freonen fan Joop. De titel is in ferwizing nei in faak brûkte útspraak fan Joop.

De foarmjouwing fan it bankje ferwiist nei “De Streken” en de twa wurken stean dan ek yn ferbining mei elkoar. “De leunings kinne ferpleatst wurde. Do kinst oer it Waad sjen, mei Skylge op de hoarizon, of eagje oer it Fryske lânskip” seit Marc van Vliet. Boppedat hat men op Skylge in wynroas pleatst as ferwizing nei Joop en as markearring fan “De Streken”. Mei yn it midden fan de wynroas in stop. As Joop frustearre rekke troch alle regeljouwing, balte hy, dat hy de stop út it eilân lûke soe. Hjir leit de stop. Op’ e dyk by Easterein, by de opgong dêr’ t jierliks “De Streken” komt te stean.

Watdataangaat is ta stân kaam mei stipe fan Sense of Place, Oerol, Wetterskip Fryslân, Gemeente Waadhoeke, Mannen van Staal, Elzo Oterdoom, Steven Schreuder, Victor Shoenmakers, Trip/Hek en Eilandbouw.

 

Golf van Termunterzijl

“In wide blik ferrommet it tinken”

De Golf fan Termunterzijl fertelt as markearringspunt gjin eigen ferhaal, mar lit it lânskip en bewenners it ferhaal fertelle. Besikers ûntdekke en belibje, al kuierjend troch de Kleine Polder en oer de Golf, fanút ferskate perspektiven it gebiet: De ferbining tusken it lân en de see, de (binnen en bûten) diken, de histoarje fan Termunterzijl en Termunten yn de foarm fan ûnder oare de Boog van de Ziel ( de âlde slûs) en de Ursustsjerke fan Termunten út de 12de iuw, beide grinzjend oan de polder.

Sense of Place wurke yn opdracht fan Stichting Het Groninger Landschap gear mei Observatorium Rotterdam oan in definityf ûntwerp foar in markearringspunt yn de Kleine Polder by de doarpen Termunten en Termunterzijl. Dit binne doarpen oan de Waadkust yn it Eems-Dollard gebiet yn de provinsje Groningen. Troch dit bysûndere markearringspunt wurde de identiteit en histoarje fan de Kleine Polder en de omjouwing fersterke. It soarget der foar dat de bewenners en rekreanten harren mear bewust wurde fan de bysûndere omjouwing wêryn sy harren befine en dêrtroch op in oare wize sjen gean nei de relaasje tusken minske en lânskip.

De Golf fan Termunterzijl is in gearwurking tusken Stichting Het Groninger Landschap, Observatorium Rotterdam en Sense of Place. Wil je meer weten over de Golf van Termunterzijl? Kijk dan op de website van Uitkijktorens.nl

Realisaasje: Neijier 2022.
Lokaasje: De útsjochtoer is frij te besykjen en der binne foldwaande parkearmooglikheden by de yngong fan de polder. De polder hat gjin eigen adres. Der rint in dykje fan ôf de Antoni Verburghwijk rjochting it gemaal Rozema (Mello Coendersbuurt 1, 9948PL Termunterzijl), de polder leit rjochts fan dit dykje.

Gemalen Fertelle

Yn it Fryske Lânskip lizze hûnderten, miskien wol mear as tûzend wetterwurken. Gemalen, slûzen en slúskes, oerrinnen, remmingswurken, steigers en kaden, brêgen en gean sa mar troch. In tal tsjinnet om it opperflaktewetter en de grûnwetterstân op peil te hâlden. En it binne krekt dizze keunstwurken, dy ‘t foar in protte minsken “ûnsichtber” skine te wêzen, om’t sy foar it each sa gewoan binne. Wat kin dêr no foar aparts oan wêze?

Dêr bringt Sense of Place , yn gearwurking mei Wetterskip Fryslân en Visit Wadden, feroaring yn. Mei help fan in audiorûte nimme wy jo mei op ûntdekkingsreis lâns in tal fan dizze Fryske wetterwurken. Mei jo tillefoan of tablet as gids ûntdekke jo it DNA fan ús moaie provinsje – op de fyts of yn de auto.

Lit jo liede                                                                                                                                                                  De gemalen en oerrinnen fertelle it ferhaal fan it lânskip yn it Noarden en de mienskip dy ‘t hjir ûnskiedber mei ferbûn is. Wy, Noarderlingen, dy’t fan Hollân Nederlân makke hawwe en in wize fûnen om op de boaiem te leven. Yn de tiid fan seespegelstiging en klimaatferoaring is dit tema mear dan ea relevant en fertsjinje dizze wetterwurken in poadium. In spotlight. Dat dogge wy middels: Gemalen Fertelle.

De earste fyts- en auto-rûte is in feit: Fan Furdgum nei Marrum en werom rjochting Rie. Ûntdek, mei help fan de audioferhalen, de bysûndere krêft fan alve wetterwurken yn dit gebiet. Dûk ûnder it wetteropperflak wêr’t fisken migrearre. Beklim de dyk om te sjen op hokker wize skiep ek harren wurk dogge. En gean tebek yn de tiid. Jo kinne dan leare hoe’t doarpsbewenners gearwurken om drûge fuotten te hâlden.

Besjoch de rûte online
Brûk it kaartsje hjirûnder om de rûte en adressen te besjen en de ferhalen te belústerjen. Troch op it ikoantsje op de rûte te klikken begjint it audiobestân ôf te spyljen.

Lingte rûte: +/_ 50 km.

 

By de ferskate lokaasjes steane pealtsjes mei dêrop in QR-Koade. Scan de koade mei jo tillefoan of tablet en lês of belústerje it ferhaal oer de oanbelangjende lokaasje fia de webside fan Visit Wadden. Jo fine dêr ek mear ynformaasje oer de keunstner dy ‘t it ferhaal ynsprutsen hat.

Earbetoan oan Joop Mulder
Gemalen fertelle is ien fan de lêste projekten dêr ‘t Sense of Place-oprjochter Joop Mulder, foar syn ûnferwachts ferstjerren, oan wurke hat. Joop fûn it wichtich om ûnsichtbere helden fan ús lân de oandacht te jaan dy ’t hja fertsjinnen.  Hy hat dan ek mei ynmoed oan dit projekt wurke.

Om de rûte persoanlik te meitsjen en Joop te earen hawwe wy alve keunstners frege de ferhalen yn te sprekken. Elts fan har hat yngeand gearwurke mei Joop en moaie projekten realisearre foar Sense of Place.

Dit projekt waard mei mooglik makke troch: 

 

 

De Streken

De Streken is in houten tij-objekt fan byldzjend keunstner Marc van Vliet. Men kin by it keunstwurk komme fia in 150 meter lange fuotgongersbrêge. Dizze ynstallaasje op it Waad is permanint yn beweging troch de dynamyk fan eb en floed. It tij soarget, op elts momint fan de dei, foar in oare belibbing. As it eb wurdt, is de ynstallaasje in ferstille plak op it Waad en is de eachopslach nei bûten rjochte. Komt de floed op dan fynt men himsels midden op it wetter werom, dan sjocht men nei binnen en is men part fan it libbene wetter.

Dizze tij-ynstallaasje is net in solitêr keunstwurk, mar makket diel út fan it lânskip sa fier as it each rikt. It twingt ta refleksje oer jins eigen plak yn dit gehiel. De Streken wurdt  realisearre yn gearwurking mei Oeral en is op dit stuit opnij te sjen op Skylge. De ynstallaasje moast earder fanwege grutte stoarmskea ôfbrutsen wurde. Yn de nacht fan tiisdei 6 july foelen in súdwesterstoarm en springtij gear mei as gefolch dat de ynstallaasje swier skeint rekke. De minske wikt, mar de natuer beskikt.

Mei de kennis fan hjoed de dei is in semy-permaninte ferzje makke dy’t heger is en stabyl genôch om elts jier trije moannen stean te bliuwen.

Oer Marc van Vliet

Byldzjend keunstner, teätermakker, foarmjouwer. ‘s-Hertogenbosch, 1961. Overschild, Grins. Autodidakt yn ferskillende dissiplines. Begûn as foarmjouwer. De ôfrûne 17 jier foaral bekend wurden troch lokaasjefoarstellings en ynstallaasjes fan de teätergroep Tuig. Sy ûnderskiede troch it mjuksjen fan byld, beweging en lûd. De lêste jierren leit de klam op lânskippelike ynstallaasjes.

De Streken is oant 11 septimber te sjen. Elts jier – o/m 2026 – wurdt it yn juny opnij opboud op it eilân.

Lokaasje: De Dijk oan de Perkweg, Easterein Skylge.

 

De Nollen

Yn it âlde binnendúngebiet De Nollen by Den Helder leit it “lânskip fan de ferbylding”. In besteand keunstprojekt dat opnommen is yn it Sense of Place program. Ea begûn as in artistyk eksperimint yn dit âlde ferrinnewearre, net al te grutte gebiet, útgroeid ta it libbenswurk fan de keunstner R. W. de Wint ( 1942-2006). Fiifentweintich jier lang hat hy hjir wurke oan skilderingen, stielen skulptueren en monumintale bousels dy ‘t ferweven binne mei it dúnlânskip. Plak en byld yn ’e mande jouwe betsjutting oan it gehiel. It wurk is komplisearre én ienfâldich, it is grutte fitaliteit eigen en it hâldt de besiker, fisueel en fysyk, folslein yn de besnijing. Yn in wrâld dy ‘t hieltiten hurder feroaret, woe de keunstner in wrâld oproppe fan elemintêre bylden dy ‘t al iuwenlang deselde binne: It ljocht, de oergong fan ljocht nei donker, de ûnderfining fan kleur.

Dizze troch Van de Wint kreëarre tún is fergelykber mei de byldetún fan Henry Moore by Londen, Little Sparta yn Skotlân fan Ian Hamelton Finlay en de keunstsamling op Insel Hombroich by Neuss.

Oer R. W. van de Wint

Reindert Wepko (Ruud) van de Wint hat him yn 1980 weromlutsen yn it âlde binnendúngebiet De Nollen, nei ‘t er it eksposearen yn Europeeske musea wol genôch fûn. De Nollen waard syn libbenswurk. Van de Wint is ûnder mear bekend troch syn skilderingen yn de Twadde Keamer en syn plafondskilderingen yn it stedhûs fan Grins en it wurkpaleis fan kening Willem Alexander, Paleis Noordeinde. Dêrnjonken hat hy sa’n fiifentritich skulptueren realisearre dy ‘t ferspraat oer Nederlân stean. Yn 2002 waard der in útstalling fan syn wurk organisearre yn it Kröller-Müller Museum yn Otterloo: R. W. van de Wint. Clai-obscur . Zeven beelden. 

It gebiet is yn de winter ticht foar publyk. Sjoch foar mear ynformaasje en aktuele iepeningstiden op www.projectdenollen.nl

Locatie: Den Helder

Dyk fan in Wiif

It oer-Hollânske lânskip mei har nije strakke polders, molke-yndustry, jirpels en woartels ynspirearre Nynke Brokke om dêr eat mei te dwaan. De keunstneresse wol de “gleone” ritichheid fan de natuer wer weromjaan oan dit yndustrieel agrarysk lânskip. De foarmen fan rûne stuten yn in letterlik “dykliif” like har in moai kontrast mei de trochstrings rjochte, strakke diken, wylst de monokultuer fan de grutte trochploege fjilden freget om ekstra omtinken foar biodiversiteit foar fûgels en ynsekten. Sa sjocht Nynke in dyk fol fan passy foar har geasteseach, in dyk dy’t optilt fan krûden en gerzen. In Hof fan Eden foar ynsekten.

Dyk fan in Wiif                                                                                                                                                       Yn it grutte, wide Fryske polderlânskip, parallel oan de strakke Seedyk, riist in grut, lizzend neaken lichem op oerdutsen mei krûden en gerzen. It is echt grut; ûngefear 60 meter lang, mei in heup- en skouderhichte fan 8 oant 12 meter; as in gleon foarme dyk.                                      Har  “ fruchtbere” foarmen referearje oan it boulân, dat klear leit foar in rike rispinge. Assosjaasjes op grûn fan in mânske kont en folle boarsten mei molke en boerebûter binne legitym. As in beskermfrouwe leit sy dêr as “dyklichem” yn it lânskip. Sa as  de seekearing feiligens biedt, biedt sy bioferskaat yn it foar in grutste part troch monokultuer behearske lânskip. Dyk fan in Wiif wurdt ek in ûndersyksprojekt nei op hokker wize de diken yn Nederlân duorsumer en mei mear bioferskaat ynsiedde wurde kinne.

Dit ûndersyk barde yn gearwurking mei: Van Hall Larenstein, Radboud universiteit, gemente Waadhoeke, Provinsje Fryslân, Bouwbedrijf Dijkstra Draisma en Cyril Liebrand van EurECO Ecological Consulty.

Oer de foarm
Dyk fan in Wiif leit  útstrekt op har side. Sy is yn harsels keard. De foarmen komme as in natuerlike wulving omheech út de grûn en de hâlding is yn rêst, ûntspannen. Har antlit is keard nei de ierde. It is krekt as of sy omheech komt út har sliep.                                                                               De wikseljende lingte fan krûden en gerzen, op de hûd fan it byld, sil grif ynfloed ha op de foarm. It sil de kontoeren sêfter meitsje of krekt hurder en rûner. Werkennen fan it byld is tige wichtich. De dyk is fan eltsenien. Leechdrompelich , heech-dikich. De bioferskate begroeiïng is ek krekt dêrom maksimaal 70 sintimeter.

Oer de lokaasje
Dyk fan in Wiif wurdt realisearre yn ’e buert fan Easterbierrum. It strakke, rjochte karakter fan de polder en ek it dito karakter fan de artifisjele seewarring biedt de dyk it goede kontrast en is dêrom in perfekte lokaasje. De grutte skaal fan it lânskip lit it dyk-byld net botse mei har omjouwing; yn stee fan in reuzin te wêzen, krijt sy krekt yn dit lânskip wer in minskelike maat. Foar toeristen op de fyts dy ‘t de Fryske Noardkust besykje, biedt de lokaasje in rêstpunt om fan ôf de seedyk Dyk fan in Wiif te bewûnderjen.

Oer Nienke Brokke
It byldzjend wurk fan keunstner Nienke Brokke hat altiten in ferheljend elemint. De stúdzje teäter- foarming oan de Rietveldakademy hat dêroan bydroegen. Sa as it yn it teäter hiel faak in “Gesamtkunstwerk” is, wurket Nienke graach mei meardere keunstdissiplines dy’t yn ’e mande ien gehiel foarmje. Troch dy ferheljende kant ûntwerpt Nienke Brokke neist landart en teäter-dekors ek ûnderwiisprojekten. Dêryn kin sy goed ynhâld mei in keunstdissipline ferbine. It landart-projekt “Dyk fan in wiif” wie har ôfstudearprojekt op de Rietveld-akademy yn 1997. Wy wurkje der hurd oan om it projekt no yndie te realisearjen.

Foar mear ynformaasje: NienkeBrokke

Moonlike realisaasje: 2025

Lokaasje: Flakby Oosterbierum

 

Soundings

In grutskalich keunstprojekt dat mei help fan ynstallaasjes yn it Grinzer Waadlânskip, in ynstallaasje yn de stêd Grins yn gearwurking mei it Grinzer Museum en in partisipaasjeprogramma, de ferbining fersterket tusken de stêd en de Ommelannen en dy ‘t dij it lânskip op in bysûndere manier ûnderfine lit.                                                                                    

Soundings – listen to the land

It lân efter de Waadkust yn Grins is in gebiet dat ûntstien is troch it spul tusken minske en see. Yn it kweldergebiet spielt eltse dei nije klaai oan en waakst it lân oan. Tagelyks bemasteret de see kear op kear it yndykte lân wer. Op dizze wize ûnstie it typyske wier- en terpenlânskip. Dit is it gebiet dêr ‘t Nederlân makke is. In gebiet dat dij eat fertelle wol.

Om dizze unike skaaimerken en skientme fan dit waadlânskip oan it publyk te toanen hat Joop Mulder yn 2020 trije renommearre keunstners frege in keunstprojekt te ûntwikkeljen:  Robert Wilson, Theun Mosk en Andreas Hirsch.

Mei Soundings wolle wy dij meinimme op ûntdekkingsreis troch it Grinzer Waadlânskip. Troch hieltiten wer nije diken te bouwen hawwe boeren hjir generaasjes lang lân bemastere op de see. Yn de rin fan hûnderten jierren is sa in unyk en ûnbidich grut lânskip ûntstien mei in nijsgjirrige, sawat letterlike skientme. In tige grut en leech lânskip dêr’t men stil fan wurdt as men der midden yn stiet.

Soundings is in projekt dat de ferbining tusken Stêd en Ommelannen fersterket. It kombinearret in 75 km fytsrûte mei ynstallaasjes fan ynternasjonale renommearre en lokale (begjinnende) keunstners yn it lânskip en in ynstallaasje yn de A-tsjerke, yn gearwurking mei it Grinzer Museum. Eltse ynstallaasje fergruttet dyn waarnimming en fersterket de lûden út it gebiet troch de oare sensaasjes fuort te nimmen. It jout de kâns om stil te stean, nei te tinken, te dreamen en grutsk te wêzen op wat der is en dy in foarstelling te meitsjen fan wat de takomst bringe sil.

Realisaasje: mei- inoar stribje nei in iepening yn maaie 2025.                                                
Soundings wurdt yn ko-produksje ûntwikkele mei partner Ruimtetijd en mede mogelijk gemaakt door o.a. Stichting Beringer-Hazewinkel, Stichting De Versterking, het Waddenfonds en het Nationaal Programma Groningen. It projekt is yn gearwurking mei û.o. provincie Groningen, Groninger Landschap, landschapsbeheer Groningen, gemeente het Hogeland, Groninger Museum en Waterschap Noorderzijlvest.

Camera Batavia

Heech yn in toer op de Waaddyk by Ternaard it omringende polder- en kwelderlânskip as in totaalûnderfining belibje. Dát is Camera Batavia dy ‘t dij fanút in unyk perspektyf, mei help fan in bolle spegel, nei alle kanten tagelyk sjen lit. In betiizjende en nije ûnderfining dy’ t de gebrûklike blik op it lânskip ferfangt.

Foarrinners fan de Camera Batavia wienen te sjen op Oeral 2015 en 2016.  Fan de toer ôf kin, sawol op lisbanken yn de iepen bûtenromte as fan in ôfsluten binnenromte (camera obscura) út,  it byld yn de spegel ûnderfûn wurde. De definitive toer had syn plak finden moate by Ternaard.
Voor de locatie bij Ternaard was het oorspronkelijke ontwerp aangepast en meer locatiespecifiek gemaakt. Provincie Friesland heeft in 2019 de uitvoering van de realisatie van Camera Batavia op zich genomen. Er werd allerlei  werkzaamheden uitgevoerd rondom toetsingen, vergunningsprocedures, een bouwteam werk geïnitieerd en het definitief ontwerp werd door een ingenieursbureau uitgewerkt. De conclusie was uiteindelijk dat de kosten mede door het verstrijken van de jaren en de uitgebreide grondwerkzaamheden die nodig bleken, te hoog waren.

magazine camerabatavia




Oer Arjen Boerstra

Arjen Boerstra (It Hearrenfean 1976) wennet yn Den Horn en wurket yn de stêd Grins.Hy hat fan 1988 o/m1993 in oplieding folge oan de Academie voor Beeldende Kunst Minerva yn Grins. Syn wurk bestiet út in kombinaasje fan ynstallaasjes, video, fotografy en performance.

Arjen oer Camera Batavia: “As in ûnthâldeksperimint en om fassinaasjes opnij te trochlibjen makke ik in rekonstruksje fan de souderkeamer út myn jeugd. It yn kaart bringen fan in jeugd fol nijsgjirrigens en nocht oan bouwen en it op ‘e nij ontdekken en skôgjen fan de wrâld om my hinne waard de basis fan myn syktocht. It wurk is in útstel om de omjouwing of in situaasje opnij te sjen.”

Realisaasje: noch ûnbekend

Lokaasje: Ternaard

Lightlines

Lightlines is een concept idee van een kunstwerk dat het Friese dorp Ferwert verbindt met Ameland. Een 10 kilometer  lange verbindingslijn met als startpunt de kerk op de terp, via de zeedijk en het wad naar het eiland Ameland. Het vertelt het verhaal van de lange geschiedenis en verbondenheid tussen Ferwert, Ameland en Noorwegen. De letterlijke lijn symboliseert deze verbinding.
Een iconisch project dat het dorp weer verbindt met de Waddenzee.

Het kunstwerk, bestaande uit drie torens, staan als een baken in het landschap: in het ‘Cammingha’ bos, achter de zeedijk en op Ameland. Het totale kunstwerk bestaat in feite uit vier objecten, omdat de beleving begint bij de kerk van Ferwert die als eerste baken in het landschap het startpunt is van de verbinding. Kerktoren waren net als vuurtorens belangrijke bakens in het vlakke land. Lightlines refereert naar deze functie daar de objecten ook als bakens in het landschap staan. Door het kunstwerk te beklimmen heb je overdag een prachtig weids uitzicht over het omringende landschap. Bovendien is vanaf het ene kunstwerk het andere kunstwerk te zien als bakens verderop. Heel subtiel is er led licht verdiept in de kunstwerken aangebracht waardoor de werken bij goed weer in het donker te zien zijn. Maar ook alleen wanneer de kijker in de rechte lijn van de werken staat. 

De torens hebben namen die verwijzen naar de drie type dijken die te vinden zijn in het Nederlands kustgebied: de slaper, de dromer en de waker. Hiermee wordt de verbinding gemaakt met de cultuurgeschiedenis van het gebied.

De vormen lijken op elkaar, maar zijn toch ook verschillend. De grote ronde vormen aan de buitenkant lijken op vleugels. De dromer heeft zijn vleugels open aan de onderkant en maakt daarmee verbinding met de aarde. In het gesloten landschap van het bos voelt het zich geborgen. De slaper staat aan de zeedijk en heeft zijn vleugels wijd open. In het open kwelderlandschap richt het zich naar boven, naar de lucht. Op Ameland staat de waker met vleugels gesloten als een krachtig baken aan de rand van de Waddenzee. Dit werk is het hoogste van de drie en refereert naar de signaalfunctie van een vuurtoren.

 

Over kunstenaar Rob Sweere

Kunstenaar Rob Sweere (1963) is bekend van zijn grote monumentale installaties, groepsperformances zoals het wereldwijde Silent Sky Project en tijdelijke ervarings-kunstwerken.  Zijn beroepspraktijk houdt het midden tussen dat van beeldend kunstenaar, architect, regisseur en vormgever van landschappen. In wat hij doet vormt de concentratie op beschouwen en bewustzijn steeds de rode draad. In de kunst van Sweere ben je geen passieve toeschouwer. Je stapt letterlijk in zijn werk om ‘de omgeving te ervaren en verbinding te voelen met dingen die voor ons zo groots en tegelijk zo vanzelfsprekend zijn, dat ze in ons dagelijks leven nauwelijks tot ons doordringen. Hij is geen museumkunstenaar maar een belevingskunstenaar. De beleving die de bezoeker heeft, dat is het eigenlijke kunstwerk. Zijn werk heeft iets intiems. Je stapt een trapje op, kruipt in een cocon van dikke latex of hangt twee meter boven de grond: alle werken laten je onvermoede sensatie ervaren, ze brengen je tot rust en nodigen uit tot contemplatie. Rob Sweere verhoudt zich tot het landschap. Tot de door de mens gemaakte natuur. Hij wijst op buitengewone vormen, vreemde ruimten en bepaalde, misschien gewone, en daardoor toch weer uitzonderlijke verschijnselen. Hij geleidt de blik van zijn publiek daarmee, via zijn objecten, terug naar hun innerlijk. Hij verbindt het kijken naar verten, met de grootste innerlijke bewegingen die in dat soort momenten bij de mensen ontstaan. Hij laat de toeschouwer speler van het moment worden. In tegenstelling tot vele andere kunstenaars is Sweere niet bezig met het creëren van kunst in de vorm van objecten om naar te kijken, maar met het creëren van instrumenten en hulpmiddelen om deze dagelijkse werkelijkheid anders te ervaren.

Realisatie: in onderzoek

Locatie: Ferwert

Bosk

Mear as tûzen beammen lûke troch de strjitten fan Ljouwert  

100 dagen lang sjocht it hert fan Ljouwert grien. Fan ôf 7 maaie oant en mei 14 augustus 2022 “rinne” der nammentlik mear as 1000 grutte en lytse beammen troch de binnen- stêd.  It “kuierjende”  bosk jout de beammen  – en dêrmei de natuer- in stim: hoe sjocht it bosk nei de minskewrâld? De traach beweegjende keunstynstallaasje fan Bosk easket de oandacht foar de needsaak om op in oare wize nei de relaasje tusken minske en natuer te sjen. Om in oare kar te meitsjen yn de fergriening fan ús publike romte en om yn de wrâld mear beammen oan te plantsjen om sa besykje te helpen de klimaatkrisis op te kearen.

De pleinen foarmje de iepen romten yn it bosk. It binne de ideale plakken foar kulturele aktiviteiten, wêrtroch it ferhaal fan it kuierjende bosk fersterke wurdt. Neist it opsetten fan in kultureel, edukatyf en ferdjipjend program is Bosk boppedat oanjager fan allerhande inisjativen yn it sintrum en de bûtenwiken fan Ljouwert en yn de provinsje Fryslân.

Yn’ e mande mei dielnimmers, wiken, doarpen, ferienings, ûndernimmers en organisaasjes stribbet Bosk nei in grienere takomst troch it plantsjen fan in hiele protte beammen. Sa krije de beammen en tûzenen siedlingen fan it kuierjende bosk nei augustus 2022 allegearre in permanint plak yn de gemeente Ljouwert en de provinsje Fryslân.

Dit autonome keunstwurk is ynisiëarre troch Joop Mulder silger (Sense of Place) en betocht troch Bruno Doedens (SLeM) en in projekt fan Arcadia.

Gaia

Sense of Place presintearret Gaia fan Luke Jerram, as ûnderdiel fan it 100-dagen duorjende programma fan Arcadia. 

It wrâldferneamde wurk Gaia wie yn 2022 yn Fryslân. Dit rûn reizgjende keunstwurk fan de Britske keunstner Luke Jerram wie fan maaie oant augustus 2022 op seis lokaasjes yn de provinsje te ûntdekken en te bewûnderjen. Sa koe men de gigantyske wrâldbol sjen yn Frjentsjer, Nes (Noard-East Fryslân), Skylge, De Lemmer, Aldeberkeap en Boalsert. It wurk is nei Fryslân helle op inisjatyf fan Sense of  Place en is ûnderbrocht yn it programma fan Arcadia, it ferfolch fan Ljouwert-Fryslân 2018.

Op ûndersteande lokaasjes wie it ferneamde keunstwurk te bewûnderjen:

Foar ynformaasje oer iepeningstiden en tickets klik dan op de link yn de lokaasje.

“In nij perspektyf op ús plak op ierde”

Gaia is in rûn reizgjend keunstwurk fan de Britske keunstner Luke Jerram. It wie ierder te sjen yn wrâldstêden  lykas Londen, Rome, Parys, Melbourne, Shanghai en Washington. Gaia hat in trochsnee fan sân meter en beskikt oer 120 dpi detaillearre NASA-bylden fan it ierdoerflak. It keunstwurk biedt de mooglikheid om ús planeet op dizze skaal te sjen, sweevjend yn trije diminsjes. It wurk jout in nij perspektyf oan ús plak op ierde; in gefoel dat alle minsken op ierde mei elkoar ferbûn binne en dat wy in ferantwurdlikens foar elkoar drage. It lit ús neitinke oer de fraach: op hokker wize gean wy mei de ierde om en wat is ús relaasje mei de natuer? “As immen ferbining mei syn omjouwing en de natuer fielt, dan draachst der ek soarch foar”, ferklearret Wendy Gooren fan Sense of Place, “Dat is no, mear as ea, fan grut belang.”

Luke Jerram

De multydissiplinêre praktyk fan Luke Jerram omfettet it kreëarjen fan skulptueren, ynstallaasjes en live-keunstprojekten. Jerram wennet yn it FK , mar wurket ynternasjonaal sûnt 1997 en hat in tal bûtengewoane keunstprojekten kreëarre dy’t minsken oer de hiele wrâld entûsjasmeard en ynspirearre hawwe.  Mei mear as 600 útstallings yn 44 lannen, hat hy mear as 25 jier ûnderfining yn it kreëarjen fan suksesfolle keunstwurken.

Gaia wurdt mei mooglik makke troch Arcadia, Oeral Terschelling, Theaterkerk Nes, gemeente Noardeast Fryslân, Martinikerk Franeker, gemeente Waadhoeke, Campagnebureau BKB, gemeente Ooststellingwerf, Stichting Open Stal, Wetterskip Fryslân, Ir. D. F. Woudagemaal, gemeente De Fryske Marren en Cultuurhistorisch Centrum De tiid.

Gaia is created in partnership with the Natural Environment Research Council (NERC), Bluedot and the UK Association for Science and Discovery Centres. With supporting partners Culture Liverpool and Liverpool Cathedral.

 

De Kromme Herne

Ljocht, tij, wrydskens, rêst en net te leauwen fiersichten. By it ûntwerp fan de Kromme Herne komt alles by inoar. Betrêdzje dizze takomstige kromme pier by Wierum en men stiet midden tusken de slinken, kwelders en platen mei it ûneinich ljocht as maat.

Fan de seedyk ôf by Wierum rint straks in kromme 330 meter lange pier. Besikers kinne oer de pier, dy’t foar it grutste part lâns de âlde pier rint en dizze beskermet tsjin fierder ferfal , kuierje. Rinnend boppe it wetter en it slyk en lâns twa panoramyske útsjoch- en ferbliuwspunten ûnderfine hja de skientme fan dit unike lânskip.

Lânskipsobjekt de Kromme Herne wurdt foar en troch minsken en yn harmony mei de natuer makke. De twa “rotondes mei ôfslaggen” binne de plakken wêr it tij fongen wurdt. Hjir ûntstean saneamde spielgatten dy’t – troch de wurking fan it tij – yn de rin fan de jierren in oar lânskiplik uterlik krije. Der sille kwelders en slinken ûntstean. By de ien komme mokselbanken, by de oar fegetaasje en de pier hat as bykommend effekt dat de besteande kwelders oangroeie sille.

Rêd de kwelder
De kwelder by Wierum is in unyk stikje lânskip. Doarpsbewenners, fûgelspotters, kuierders en waadrinners genietsje hjir folop fan rêst, belibbing, en de wrydskens fan de skitterende  Waadnatuer. Dizze unike ûnderfining stiet lykwols behoarlik ûnder druk.Bewenners fan Wierum en omkriten en boppedat kuier-,fyts-,natuer- en fûgelleafhawwers út hiel Nederlân meitsje harren dêr soargen oer. Troch op dit stuit yn te gripen, kin de kwelder behâlden bliuwe foar de hjoeddeistige en takomstige generaasjes. Stypje de petysje op: www.reddekwelder.nl.

Wierum

Om de libbenens fan it doarp te fersterkjen naam yn 2016 in tal ynwenners fan Wierum it inisjatyf om de mooglikheden foar nije rekreative foarsjenningen te ferkennen. Der binne tal fan ideeën lansearre, der is harsenskrabbe, ferkend en sketst. Helder waard dat der in romtlik elemint komme moast dat de kwaliteiten fan Wierum sichtber makke: de kwelder, it Waad, de seedyk sûnder ein, de rêst, it tij, de kleuren, it ljocht, de unike skiednis en de ferbining mei faar- en kuierrûtes yn de regio. Der waard kontakt lein mei Ruud Reutelingsperger fan it keustnerskollektyf Observatorium, mei as resultaat in prachtich ûntwerp foar de Kromme Herne.

Mooglike realisaasje: yn ûndersyk
Lokaasje: Wierum