Bildtstars en Eigenheimers

Bildtstars en Eigenheimers is in foto- en ferhalerûte dy’t by de Waadkust lâns giet. Men sjocht mânske portretfoto’s fan jirpelboeren, dy’t midden yn it lânskip stean. Op dizze wize krije de boeren en harren famyljes in gesicht. Hokker ferhalen wolle sy fertelle: oer it lân dat hja bewurkje, oer harren kultuer en harren libben? Lear de Waadkust te besjen troch de eagen fan de lokale ierappelboer oan de hân fan portretten yn byld en lûd.

Monumintale foto-ynstallaasjes fan Linette Raven
De earste tsien portretten – makke troch fotograaf Linette Raven – kin men sûnt novimber 2018 sjen op dakken, muorren en skuorren fan pleatsen yn Noard-East Fryslân. Fan fier stoarje de portrettearre boeren oer de fjilden, somtiden allinne, somtiden mei harren famylje, mar altiten yn de deistige klaaiïnge en sûnder opskik. “It lânskip is de minske en de minsken binne it lânskip”, sa seit Linette Raven, “Jo moatte de minsken allinne noch efkes kennen leare.” Yn juny 2020 binne der noch sân portretten oan de rûte ta hekke en dêrmei is de Fryske rûte folslein wurden. Op nei Grinslân.

Ynnimmende audioferhalen fan Ellen Schat
De jirpelboeren op de Bildtstars en Eigenheimers-rûte binne net allinne ynnimmend fêstlein op byld, mar ek hat elts in audioportret krigen. Wa’ t mear witte wol oer it boerelibben en it lânskip kin foar of ûnder de rûte de prachtige, ynbannige ferhalen fan Ellen Schat beharkje. De audiobestannen binne ynsprutsen troch de dichter Syds Wiersma.

Besjoch de rûte online
Brûk it kaartsje hjirûnder om de rûte en adresbysûnderheden te besjen en de ferhalen te beharkjen. Troch op in ikoantsje op de rûte te klikken docht it audiobestân syn wurk.

 

De rûte start yn Furdgum en eindicht yn Eanjum. Op de fyts docht men sa’ n trije oeren oer de ûndernimming, mar ek mei de auto kin men de foto-ynstallaasjes hiel goed besykje en bewûnderje. Op it plak sels hjitte ynformaasjepanielen jo wolkom op it hiem. Men hoecht net skruten te wêzen om de foto’s ek fan tichteby te besjen!

Ek beskikber fia de webside fan Visit Wadden
Boppesteande rûte is ek beskikber fia de webside fan Visit Wadden. Fia dizze pagina kinne jo maklik mei jo smartphone lâns de portretten navigearje en ûnderweis de audiobestannen beharkje. Hawwe jo mear nocht oan muzyk? Ek dêr ha wy oan tocht. Jan de Vries hat in spesjaal Bildtstars& Eigenheimers-liet foar dit projekt skreaun.

Jirpelkweker moetet jirpeliter
De foto-ynstallaasjes fan Bildtstars en Eigenheimers bliuwe op syn minst fiif jier hingjen en wurde stadichoan ien mei it lânskip. Mei dit lang rinnende projekt wol Sense of Place de relaasje tusken de jirpeliter en de jirpelkweker ophelje. De besiker fan de rûte skept straks net samar mear in frytsje of in jirpel op syn board, mar tinkt der fêst by werom oan it prachtige ferhaal dat hy of sy heard hat op dizze rûte. 

BIldtstars en Eigenheimers wurdt mei mooglik makke troch: